Machteleazens Poem by Iris Mista

Machteleazens

Nei alle oeren yn it tsjuster
fan hjoed en juster
machteleas, it paad bjuster

Gjin wurden kin ik fine
Net no, net yn it ferline
om te fersêftsjen dyn pine

Myn ûnmacht wie te grut
dyn delgong gie sa hurd
Dat it dêr,
yn de allersêfste hannen,
opfongen wurdt

Dat is wat ik no foar dy bid

April 20,2013

Sunday, April 6, 2014
Topic(s) of this poem: depression
POET'S NOTES ABOUT THE POEM
Complex PTSD, Frisian
COMMENTS OF THE POEM
READ THIS POEM IN OTHER LANGUAGES
Close
Error Success